Greidhoeke Kuiertocht by nacht krijt ferfolch!
Frywilligers kinne har opjaan

Troch it grutte súkses fan de ôfrune edysje sil der yn 2012 wer in Greidhoeke Kuiertocht by nacht holden wurde. Om dit mei mooglik te meitsjen kinne frijwilligers har oanmelde foar in ynspirearjende bestjoersfunksje of meiwurker tidens de tocht. Dit kinst dwaan troch namme, wenplak, tillefoannûmer en ambysje te stjoeren nei Meindert Pasma: boazumermjitte@orange.nl

Nei de simmer komt der mear dúdlikens oer it karakter fan de Greidhoeke Kuiertocht 2012.


Greidhoeke Kuiertocht 2010 in grut sukses!

'Oerol-êftige sfear' rûnom Wommels

It wie in prachtich gesicht om in sleep fan 1750 kuierders, wêrfan de measten it mynwurkerslampke op ‘e holle hienen dy’t hja by de start krigen hie, lâns de hûnderten fjoerkuorren rinnen te sjen.

It jierlikse rinevenemint waard sneon 11 desimber foar it earst by nacht holden en wie geskikt foar jong en âld. De tocht waard in unike belibbenis mei de prachtich útljochte brêge; de Nije Kromme, en in projeksje fan âlde Fryske filmbylden op it dak fan in buorkerij yn natuergebiet Skrok. Lústerjend nei klassike muzyk rûnen hja lâns in spektakulêre ferljochte ruïne rjochting Easterein wer fierder op de rûte de kuierders bern dûnsjen seagen en in stimpel yn it smûke kafee krigen.

Yn Kûbaard wurken in protte ynwenners mei oan de pittoreske oanklaaiïng fan dizze winterjûn wêr op it doarpsplein in kop poeiermolke te krijen wie. Ek krigen de rinners hjir in appel oanbean de troch de hilligen fan Kûbaard. Moderne ljochttechniken, entûsjaste doedelsekspilers en twa bejeftige dichters joegen ek sjeu oan de sfearfolle tocht dy’t ôflsuten waard mei in spektakulêre fjoerwurkshow en muzyk. 

It bestjoer wol alle minsken tank sizze dy’t by dizze tocht belutsen wienen!




stjoerder greidhoeke kuiertoch